LF2028: "Mear jild om ambysjes wier te meitsjen"

01 mrt 2019 - 09:52

De ferwachtingen op it ferfolch fan Kulturele Haadstêd binne heech. Dat fernimme de twa kertiermakkers Sjoerd Bootsma en Lieuwe Krol. "It is saak om de ambysjes heech te hâlden, oars falle we werom nei it nivo fan foar 2018", warskôget Krol. De provinsje hat foar de kommende twa jier fjouwer miljoen euro beskikber steld, mar dat is neffens Krol mar in earste oanset. Hy en Bootsma ferdiele it jild oer nije of ferfolchprojekten. Dat dogge se yn gearwurking mei de kulturele sektor.

Foar 2019 lizze der al konkrete plannen. Sa komt der in ferfolch op it muzyk- en sirkusteäter Finestra Aperta yn Drachten. De jonge teätermakkers fan Skoft en Skiep krije ek jild. Yn it Kulturele Haadstêdjier makken se 'Het heilige hert van Cambuur', ien fan de Under de toer-projekten. No meitsje se in grutte lokaasjefoarstelling foar Oerol. Ek Opera Spangea kin op stipe rekkenje, om't se harren 30-jierrige jubileum fiere. De Argentynske teätersjo Fuerza Bruta moat ien fan de klappers fan 2019 wurde.

Foto: Flickr, Ludovic Berton

Writer's Block, in projekt mei graffitykeunst op gebouwen yn Ljouwert, komt fan it simmer mei wat nijs. Ek de ferhalejûn - ien fan de ûnderdielen fan de iepening fan it Kulturele Haadstêdjier - krijt in ferfolch. En de ôfsluting fan Kulturele Haadstêd, de ReOpening, bliuwt bestean. Dy fynt plak yn novimber, in perioade mei allegear festivals sa as Explore the North, it Media Art Festival en it ljochtfestival Luna.

Writers Block - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

UNESCO City of Literature

De kertiermakkers wolle graach wer in titel binnenslepe. Ljouwert wurdt foardroegen as UNESCO City of Literature. Utrecht is de iennichste Nederlânske stêd dy't dizze titel al hat. "Dit is een mooie kans om vervolg te geven aan het project 'Lân fan taal' en het Friese literaire erfgoed een internationaal podium te geven", seit Bootsma.

Dit is in greep út it ferfolch fan it Kulturele Haadstêdjier. Ynkoarten wurdt der noch mear bekend oer wat der yn 2019 allegear plakfine sil.

Lân fan Taal op Oranjewoud Festival - Foto: Omrop Fryslan

Ik vind dat wij verplicht zijn om een best mogelijke versie van Fryslân achter te laten aan de volgende generatie.

Sjoerd Bootsma

It jier 2018 wie in tuskenstap, mei it jier 2028 as stip op de hoarizon. Dat is it idee. "Ik heb een dochter van vijftien maanden en onze toekomst is haar legacy", fertelt Bootsma. "Ik vind dat wij verplicht zijn om een best mogelijke versie van Fryslân achter te laten aan de volgende generatie."

Der is neffens him noch in soad wurk te fersetten. "Onze Iepen Mienskip is helemaal zo open nog niet als we kijken naar de pietendiscussie. We rijden nog niet fossielvrij, er zit nog veel gif in de grond, er is nog veel discussie over veenweidegebieden."

Mar wat hawwe dizze saken mei keunst en kultuer te krijen? "Dit zijn onderwerpen die vanuit de politiek, wetenschap en journalistiek heel erg met het hoofd worden bekeken. Maar als we willen veranderen moeten we het voelen. Kunstenaars kunnen onze emoties raken en zo helpen veranderingen in gang te zetten."

Miny-Kulturele Haadstêd

Konkreet pleitsje de kertiermakkers ien kear yn de ien, twa of trije jier yn de simmerperioade foar in miny-Kulturele Haadstêd. Hoe faak oft it wurdt, hinget ôf fan it ambysjenivo fan de polityk en hoefolle jild oft beskikber komt. Ek wolle se ynsette op ynternasjonale gearwurking en wolle se ynvestearje yn it artistike klimaat, foaral rjochte op jonge makkers.

(advertinsje)
(advertinsje)