Finer earste ljipaai: "Hielendal net fan doel om écht te sykjen"

28 feb 2019 - 18:01

Se wienen eins net iens fan doel om nei it earste aai te sykjen. "Earst mar ris sjen", wie de gedachte. Doe't der in protte aktiviteit yn it lân wie, fûnen se dochs mar dat se der even sjen moasten. Eduard van der Hoek en Michel de Groot fûnen tongersdeitemiddei it earste ljipaai fan Fryslân. Uteinlik wie it Eduard dy't it aai fûn, yn de greide by Vegelinsoard.

Earste ljipaai

"Ik wie krekt noch by de Coen en Sander Show, dy woenen it ek even witte. Lanlik nijs", leit Eduard it hiele mediasirkus út. Van der Hoek fûn it aai, mar syn maat Michel is net jaloersk: "It is him fan herte gund, hy docht ek in hiel soad foar it ljipaaisykjen en de neisoarch."

"Wy kamen earst net om it earste aai te finen", seit Van der Hoek. "It siet fan 'e moarn potticht fan de mist. Doe knapte it waar op en hawwe wy sein dat we mar ris sjen moasten. Der wie in stikje fjild mei in protte aktiviteit, dus wy moasten der mar ris yn op rinne. Doe kaam der noch in roek oerhinne en dêr pikte de ljip op oan. Fuortendaliks wer del, dus ik sei: we hawwe in kâns. Nei twa slachjes lei er dêr."

Michel de Groot en Eduard van der Hoek - Foto: ANP

"Doe't wy it fûnen, hawwe wy fuort it BFVW belle. Dan giet it hiele sirkus yn wurking. Kontrolearje oft it aai wol farsk is, dat wie it, en dan komt it mediasirkus op gong. It wie hartstikke moai."

Van der Hoek krige in oarkonde, 15 euro en in fleske bearenburch fan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Fan it BFVW krige hy in grut bosk blommen út hannen fan foarsitter Rendert Algra.

Eduard van den Hoek en Arno Brok - Foto: ANP

Rendert Algra is de earste foarsitter dy't yn syn termyn by it BFVW sân earste ljipaaien 'hân' hat. Hy nimt freed op de ledegearkomste ôfskied fan it BFVW. Frans Kloosterman folget him op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)