NS knapt njoggen Fryske treinstasjons op

28 feb 2019 - 17:25

De NS sil de kommende jierren yn njoggen Fryske treinstasjons ynvestearje. Sa komme der toiletten op de stasjons yn Bûtenpost en Grou en krije de stasjons fan Harns, Snits, It Hearrenfean, Wolvegea, Ljouwert en Bûtenpost in metamorfoaze.

Stasjons dy't oanpakt wurde - Foto: NS

De plannen meitsje diel út fan in grut lanlik ferbetteringsplan foar de stasjons, dat de NS tongersdei presintearre. Se fiere de plannen yn 2022 en 2023 út.

Ut in enkête docht bliken dat de best wurdearre stasjons yn Fryslân twa stasjons sûnder fasiliteiten binne: dy fan Deinum en Mantgum. It haadstasjon fan Ljouwert stiet op it tredde plak.

Trefwurden: 
trein NS stasjon
(Advertinsje)
(Advertinsje)