CU:rolstoelferfier oereinhâlde

30 jun 2012 - 15:45

De besuniging op it rolstoerferfier lykas ôfpraat yn it 'lenteakkoart' fan VVD, CDA, D66, GrienLinks en ChristenUnie, moat wer werom draaid wurde. Anja Haga, de fraksjefoarsitter fan de CU yn provinsjale steaten, stelde dat sneon foar op it kongres fan har partij yn Amersfoort.

Haga hie sukses mei har aksje, want har punt wurdt opnommen yn it ferkiezingsprogramma fan har partij. Haga stiet sels op it achtste plak fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezings fan de ChristenUnie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)