Lêste wykein âlde Fries Museum

30 jun 2012 - 15:33

Nei mear as twa ieuwen slút it Fries Museum syn doarren oan de Turfmerk fan Ljouwert. Allinnich dit wykein is it museum noch fergees iepen foar it publyk. It museum sil ferhúzje nei de nije lokaasje op it Saailân. Dat betsjut dat besikers mear as in jier net nei it Fries Museum kinne.

It Fries Museum is twa ieuwen lyn begûn yn it Eysingahûs yn Ljouwert. Dy lokaasje is in pear jier lyn al leechhelle en ticht gien. It wurdt no brûkt as opslachplak fan de kolleksje fan it museum. Dat sil foarearst ek de takomst fan de Kânselarij wurde.

It nije Fries Museum wurdt yn septimber 2013 iepene. Wat der dan mei de Kânselarij en it Eysingahûs barre sil, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Fries Museum ticht Turfmerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)