Jonge (18) krijt sel en wurkstraf foar oerfal op pizzakoerier

28 feb 2019 - 16:09

In jonge út Frjentsjer hat 37 dagen jeugddetinsje en in wurkstraf fan 200 oeren en krigen foar in oerfal op in pizzakoerier yn Wergea. Hy hie mei trije oare jonges in pizza besteld en doe't de pizzakoerier by harren kaam, waard er bedrige mei in fjoerwapen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De fertochten naaiden dêrnei út yn de auto fan de pizzakoerier. Op It Hearrenfean botsten se tsjin in stek. Doe't se besochten út te naaien, hat de plysje sketten.

De feroardielde hat njonken syn straf ek in ankelbân en hy wurdt begelaat troch jeugdbeskerming. Hy mei gjin kontakt hawwe mei de trije oare fertochten. Dy komme letter noch foar de rjochter.

Trefwurden: 
oerfal pizzakoerier straf
(advertinsje)
(advertinsje)