Jonge rydt op stellen brommer

30 jun 2012 - 15:23
Poeisz, Oerfal, Ljouwert - Foto: Robert-Jan Boonstra

Yn Drachten is freedtejûn in jonge fan 16 jier oanhâlden omdat er mei drank op op in brommer siet dy't net fan himsels wie. De jonge waard yn it Slingepark oanhâlden troch in pear gemeentlike hanthaveners, omdat er frijwat slingerjend ried. Plysjes lieten him in blaastest dwaan en ûntdutsen dat er tefolle drank op hie.

Doe't se útsochten fan wa't de brommer wie, koe de jonge dat net fertelle. Hy waard dêrom op fertinking fan heling oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo. Dêr hat er proses-ferbaal krigen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)