Fryske Akademy docht foarearst neat mei flomke foar fagina

De Fryske Akademy docht foarearst neat mei it neologisme 'flomke'. Woansdei waard by IepenUp-live bekend dat dat it nije Fryske wurd foar fagina is. Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy seit dat it wurd earst faak brûkt wurde moat troch sprekkers fan de taal om kâns te meitsjen yn it Frysk Wurdboek te kommen.
Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
"Wy hawwe mei belangstelling mei dizze ferkiezing meisjoen", seit Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy. "Dit is in ferkiezing dêr't minsken dy't Frysktalich binne yn meitinke oer nije wurden foar de taal. Wurdboeken moatte de taalrealiteit werjaan. 'Flomke' is dan no wol keazen, mar it moat fansels noch wol ynboargerje en dat is foar dit wurd noch net oan te jaan.
Sijens hat ek foarbylden fan neologismen dy't it Fryske wurdboek net helle hawwe: "In pear jier ferlyn wie der in ferkiezing foar it Nederlânske wurd 'bezorgbromfiets' foar bygelyks pizza's. It wurd dat der útkaam, wie in hiele goede fynst, nammentlik 'bringbrommer'. Dat wurd is lykwols net ynboargere, dat dat hoecht ek net yn in wurdboek. Nimmen sil derom sykje."
Betinkster fan it wurd Flomke Baukje Sangers en de reaksje fan Hindrik Sijens
Baukje Sangers, betinkster fan it wurd, wie ferrast dat har wurd tusken de finalisten stie: "Ik skrok al doe't ik der tusken stie. In protte wurden wiene wol grof. It wurd is fansels net allinnich foar folwoeksen froulju, mar ek foar jonge famkes, dat ik woe in moai, sêft wurd fine. Doe kaam ik op 'flomke' út."
Op de reaksje fan Sijens reagearret Sangers nochter: "Ik kin my foarstelle dat it lang duorret foar't minsken it wend binne, mar ik soe it moai fine as eltsenien it aanst brûkt."