FrieslandCampina past syn fla oan, nei in klacht oer it ûntbrekken fan fanylje

28 feb 2019 - 15:57

FrieslandCampina past it resept en de ferpakking fan syn Optimel fanyljefla oan. Dat wurdt dien nei in klacht oer it ûntbrekken fan fanylje yn it neigesetsje. De Reclame Code Commissie oardiele earder dizze moanne dat de ferpakking yndie misliedend is en dêrmei yn striid mei de wet.

Friesland Campina - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It bedriuw wol net sizze wat der krekt oanpast wurdt oan de fla, fanwegen konkurrinsje-oerwagings.

Utspraken fan de Reclame Code Commissie binne net binend, mar fabrikanten fan iten jouwe der meastentiids gehoar oan.

(advertinsje)
(advertinsje)