De Rouwe 3 op CDA-list

30 jun 2012 - 14:35

It Boalserter Twadde Keamerlid Sander de Rouwe stiet ek op de definitive CDA-ferkiezingslist op it tredde plak. De CDA-leden hawwe de list sneon fêststeld op it partijkongres yn Maarssen.

Harry van der Molen út Ljouwert, de CDA-fraksjefoarsitter yn de ried fan de Fryske haadstêd, stiet op it 21e plak. Op oantrunen fan de leden krigen twa Brabânske kandidaten in heger plak op de list. Keamerlid Van Toorenburg gie fan plak 14 nei plak 12 en wethâlder Ronnes van Boxmeer gie fan plak 24 nei plak 14.

(Advertinsje)
(Advertinsje)