Dwerse treinreizger oanhâlden

30 jun 2012 - 14:23
De treinen moatte stadich oer de spoarbrêge - Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert is freedtenacht in man (23) oanhâlden, omdat er dwers die yn de trein. De man waard kontrolearre yn de earste klas, mar dêr hie er net foar betelle. Hy waard dêrom nei de twadde klasse stjoerd. Mar eefkes letter fûn de kondukteur him wer yn de earste klas.

Hy woe syn identiteitsbewiis net oan de kondukteur sjen litte. Dy hat him dêrom oanhâlden en op it stasjon oerdroegen oan de plysje. De hat him meinaam nei it buro en mei in bekeuring wer op strjitte set.

(Advertinsje)
(Advertinsje)