Piet Paulusma: "Kommende nacht kin wer mist ûntstean"

It wie tongersdeitemoarn in gaos op de Fryske diken. Tichte mist wie de kweadogger fan in protte ûngelokken, ûnder oare op de A32. It is dus tige ferfelend, sa'n tichte mist, mar hoe ûntstiet it? Wat is mist eins? Waarman Piet Paulusma jout tekst en útlis.
© Omrop Fryslân
"Tichte mist is neat oars as bewolking", begjint Piet te fertellen. "We hawwe de ôfrûne tiid in kâlder waartype hân, mei mylde luchtstreamen. Dan kin der mist ûntstean, as dy twa byinoar komme. Wy sjogge it foaral by provinsjes oan see. It is kondinsaasje." De mist is neffens Piet net unyk: "Hielendal net yn dit soart situaasjes."
"Wy sjogge it ek faak yn de omslach fan waarmer nei kâlder waar. Dat is it ferskil tusken dizze twa. Kâlde nachten en waarme dagen. No komt der kâlde lucht by fan see en dan is it klear. Ik fyn it net ekstreem. It kin de kommende nacht wer ûntstean."
Yn de mist kamen tongersdeitemoarn tsientallen auto's mei mekoar yn oanriding. It wie in gaos op de A32.
Gaos op de A32 en de reaksje fan waarman Piet Paulusma
"Mist is te foarsizzen", seit Piet. "Dat dogge wy meastentiids ek wol. Dit wykein komt in waarsomslach. Dizze omstannichheden binne typysk foar dy omslach troch ferskate loftsoarten."

Mistlampen oan

It is foar de feiligens op de diken al tige wichtich om ljocht yn de foarm fan mistlampen oan te setten. "Automatische verlichting gaat bij mist helemaal niet aan. Het is immers licht buiten", sa falt op de webside fan Rykswettersteat te lêzen. "Ook daarmee ben je dus zeer slecht zichtbaar. Het is verstandig om vooraf te weten waar in jouw auto de mistverlichting zit, zodat je deze tijdig aan en uit kan zetten."
De ANWB ynformearret minsken mei fideo's, lykas dizze hjirûnder.