Druk nimt ta by SC Cambuur: "Er is een dieptepunt bereikt"

28 feb 2019 - 14:08

De druk is grut foar de thúswedstriid fan SC Cambuur freed tsjin TOP Oss. De Ljouwerters wûnen al sân thúswedstriden op rige net en binne ôfsakke nei it fyftjinde plak fan de earste difyzje. "Er is een dieptepunt bereikt", seit oanfierder Robbert Schilder. "Er staat veel druk op. De wedstrijd moet gewoon gewonnen worden."

Robbert Schilder

Supportersklup Kern van Cambuur skreaun woansdei in brief nei de klup mei dêryn harren soargen. Schilder hat dy brief lêzen: "Er staan begrijpelijke dingen in. De emoties van de supporters zijn te begrijpen. Wij moeten dat zien om te draaien."

De fans misse striid by harren spilers. Dat sjocht de oanfierder fan Cambuur krekt wat oars. "Ik kan me voorstellen dat het soms wat apathisch oogt, maar ik denk niet dat het met strijd te maken heeft. Wel met voetbalslimheid. Als je 1000 keer in een situatie komt, weet je wel een keer waar de bal gaat vallen. Daar zie je dat we momenten laten liggen."

Hake begrypt soargen

Ek trainer René Hake begrypt de soargen fan de supporters. "Tuurlijk doet dat je wat. Ik begrijp wel wat ze zeggen. Maar ik mis niet inzet en dat jongens willen werken. Wat we wel missen is dat we net op tijd zijn om er vol op te klappen. En ik denk dat ze dat bedoelen met identificatie. Daarin laten wij ons teveel van de verkeerde kant zien met als gevolg de resultaten."

René Hake

Foar de wedstriid tsjin TOP Oss besiket Hake just om de druk by syn ploech wei te heljen. "Dat kan. Er moet een extra vonkje bij. Iedereen moet beseffen dat het niet verder kan zo. Ik ga er vanuit dat iedereen dat doet."

It oantal spilers dat troch in blessuere net ynsetber is, nimt stadichoan ôf. Kevin Jansen en Nigel Robertha binne wer better. Matthew Steenvoorden, Kevin van Kippersluis, Jordy van Deelen, Issa Kallon, Robert van Koesveld en Kevin Schindler misse de wedstriid tsjin TOP Oss wol.

De wedstriid tusken SC Cambuur en TOP Oss is freed live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Fan 20.00 oere ôf fersoarget ferslachjouwer Andor Faber it kommentaar út it Cambuur Stadion wei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)