Twa fertochten oanhâlden foar oerfal op âlder pear yn Easterwalde

De plysje hat ein jannewaris twa fertochten oanhâlden foar de gewelddiedige oerfal op in âlder pear yn Easterwâlde. De man en de frou fan 90 en 88 jier waarden op 22 juny 2018 oerfallen yn harren wenhûs. Se waarden mishannele en opsletten. De man hat nei de oerfal in wike yn it sikehûs lein.
© Srfotografie
De fertochten binne in 25-jierrige man út Assen en in 20-jierrige man út Emmen. De manlju meitsje diel út fan in groep út Drinte, dy't ferantwurdlik wêze soe foar in grut tal ynbraken yn Noard-Nederlân. Beiden kamen yn byld by de oerfal, omdat de wurkwize by de ynbraken oerienkaam mei dy by de oerfal. Nei ûndersyk koe it plak fan it misdriuw en de tiid yn ferbân brocht wurde mei de fertochten.

Mear arrestaasjes net útsletten

Neffens it Iepenbier Ministearje rint it ûndersyk noch en wurde mear arrestaasjes net útsletten. Yn it programma Opsporing Verzocht binne komposysjetekeningen toand fan de beide dieders. Dat smiet tsientallen tips en mooglike nammen fan dieders op.