A32 wer folslein frijjûn foar ferkear

28 feb 2019 - 13:21

De A32 is wer folslein iepen foar al it ferkear. Dat meldt Rykswettersteat. De dyk wie tongersdeitemoarn oerenlang ôfsletten, nei ferskate ûngelokken troch de mist.

Foto: Google Streetview

Yn totaal binne der alve minsken ferwûne rekke by de ûngelokken. Twa fan harren wiene swier ferwûne. 41 weinen wiene belutsen by de oanridingen. Dêrfan moasten acht auto's fuortsleept wurde.

Trefwurden: 
A32 file mist
(advertinsje)