Jouster feroardiele ta 16 jier sel foar ombringen Hegemer

28 feb 2019 - 13:15

De rjochtbank fan Ljouwert hat de Jouster, dy't yn febrewaris 2018 Hans Boschma yn syn wenning yn Heech om it libben brocht hat, feroardiele ta 16 jier sel. Dat is itselde as de eask fan it Iepenbier Ministearje.

De 52-jierrige Jouster socht de 56-jierrige Hans Boschma op yn syn wenning oan de Molefinne. Oanlieding wiene de skulden fan de eks-skoansoan fan de fertochte. Doe gie it mis. De Jouster hat it slachtoffer mei in tou wurge.

Neffens de fertochte die hy dat út selsferdigening, want it wie Boschma sels dy't him oanfoel en wurgje woe, sa sei de Jouster trije wike lyn yn de rjochtbank. De rjochter stelde dêr doe grutte fraachtekens by.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust

Trefwurden: 
selstraf Heech
(advertinsje)
(advertinsje)