UPDATE: Earste ljipaai fan Fryslân en Nederlân fûn by Vegelinsoard

It earste ljipaai fan Fryslân is fûn by Vegelinsoard. Eduard van der Hoek (34) út Grou trof it aai tongersdeitemoarn om 11.45 oere oan yn in perseel fan boer Henk Hosper. Neffens tradysje krijt Van der Hoek de Sulveren Ljip foar syn fynst.
Earste ljipaai 2019 kommissaris Brok mei de finer Eduard van der Hoek © Omrop Fryslân
De Sulveren Ljip is om trije oere útrikt troch kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dat barde net yn de greide, mar op it hiem fan boer Hosper om it nêst sa min mooglik te fersteuren.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ek primeur en rekôr yn Nederlân

It ljipaai fan Vegelinsoard is ek lanlik in primeur. Boppedat is der noch nea sa betiid in ljipaai fûn yn Nederlân en Fryslân. It lanlike rekôr stie op 2 maart 1998. Dat aai waard fûn by Ermelo. It betiidste ljipaai yn Fryslân oant no ta wie op 4 maart 1989 yn Boarnburgum. De lêste kear dat der yn Fryslân it earste aai fan Nederlân fûn waard, wie yn 2012 by Aldehaske.
Ferline wike ferwachte it bûn fan Fryske fûgelwachten (BFVW) al dat it earste ljipaai dit jier yn febrewaris fûn wurde soe, mar dan wol op in oare dei.
Kommissaris Brok