Utkyktoer Belvédère by Oranjewâld krijt flinke opknapbeurt

28 feb 2019 - 12:30

De útkyktoer Belvédère yn de bosk fan Oranjewâld krijt dit jier in opknapbeurt. It beton fan de ikoanyske toer wurdt oanpakt. Tagelyk moat de bult dêr't de toer op stiet, oanpakt wurde.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar sjocht by de útkyktoer (1)

Troch eroazje en fandalisme slyt de bult. Der moat neffens de eigener, Stichting Belvédère Oranjewoud, gau wat oan dien wurde. De stichting hat faker lêst fan fandalisme, want de toer wurdt regelmjittich bekladde. Dat sil skjinmakke wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

De oriïntaasjetafel boppe op de toer komt werom, dizze kear hufterproof. De stichting wol ek graach in twadde opgong nei de toer meitsje. Dêrmei soe de oarspronklike situaasje werombrocht wurde en dit moat foar minder slitaazje oan de bult soargje.

De totale kosten fan de opknapbeurt wurde rûsd op sa'n 150.000 euro. De stichting moat sels foar it jild soargje en is dwaande om fûnsen oan te skriuwen.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar sjocht by de útkyktoer (2)

(advertinsje)
(advertinsje)