Terpstra wer keazen by KNSB

Doekle Terpstra © ANP
De lederied fan reedridersbûn KNSB hat sneon yn Biddinghuzen Fries-om-utens Doekle Terpstra op 'e nij foar trije jier as foarsitter keazen. De KNSB makke sneon ek bekend dat se út Amersfoort weigeane. De organisaasje sil op 1 novimber ferhúzje nei in kantoar by de keunstiisbaan fan Utrecht.
It reedridersbûn hat fierder it jier 2011 ôfsletten mei in ferlies. It bûn sil dêrom besykje om mear kontrôle te krijen op de útjeften om te foarkommen dat se op 'e nij yn de reade sifers bedarje.