Sven Kramer wol eigen WK allround: "En ik bin net de iennige"

Sven Kramer wol in eigen WK allround opsette. Hy sei dat tsjin de NOS yn Calgary, dêr't kommende sneon it WK allround úteinset. It nije toernoai hoecht neffens Kramer net ûnder de ynternasjonale reedryduny ISU plak te finen. It soe elk jier oan it einde fan it seizoen yn Thialf hâlden wurde moatte.
Sven Kramer
"Ik wol my dêr hurd foar meitsje", seit Kramer. "Ik bin ek net de iennige. De allerbêste reedriders yn de wrâld spylje ek mei dizze gedachte. Wy kinne alle jierren in fol Thialf krije."

"Protestearje hat gjin sin"

De plannen binne in reaksje op de plannen fan de ISU om gjin apart WK allround mear te organisearjen. Takom jier wurdt it WK allround holden mei it WK sprint. Mei yngong fan 2021 wol de ISU noch mar ien WK it jier organisearje. De WK ôfstannen soene dan yn de ûneven jierren holden wurde, de WK allround en WK sprint yn de even jierren.
"Se kinne fan alles fine by de ISU", seit Kramer oer de plannen. "Njoggen fan de tsien fertsjintwurdigers begrypt der neat fan, mar dochs bepale sy hoe't ús sport en kalinder der de kommende jierren útsjocht. Protestearje hat gjin sin."

Kommersjeel WK

Dêrom makket de 32-jierrige Fries syn eigen plannen. "Ik bin in foarstanner fan it allrounden. Dat is yn bepaalde lannen noch wol hiel populêr, dus miskien moat der in kommersjeel WK komme. Miskien yn gearwurking mei de ISU, mar net ûnder har flagge."
Sven Kramer yn petear mei de NOS