Drachtster famyljebedriuw nimt twadde fleantúch yn gebrûk foar lânmjittingen

28 feb 2019 - 11:27

It Drachtster famyljebedriuw Kavel10 nimt tongersdei op Airport Eelde in twadde fleantúch yn gebrûk foar lânmjittingen. Mei it twamotoarige tastel wurde bylden makke en gegevens sammele foar provinsjes, gemeenten, wetterskippen, boeren en oannimmers. Dy kinne dy gegevens brûke by de oanlis fan wenwiken, diken en kades.

Foto: Kavel10

Stefan Brouwer, ien fan de fjouwer eigeners fan Kavel10

It bedriuw begûn sa'n 9 jier lyn mei it sammeljen fan gegevens foar boeren, mei help fan in quad. In jier lyn waard it earste fleantúch kocht en no dus it twadde. Der is in soad fraach nei harren tsjinsten, seit Stefan Brouwer, ien fan de eigeners.

De apparatuer dy't it bedriuw brûkt is faak te swier foar drones. Tagelyk kinne je mei in fleantúch op mear plakken komme as mei in drone, om't je op in soad plakken net mei in drone fleane meie.

Trefwurden: 
Drachten fleantúch Kavel10
(Advertinsje)
(Advertinsje)