Op syn minst twa swier ferwûnen by ûngelokken op A32

28 feb 2019 - 11:18

By de ûngelokken op de A32 tongersdeitemoarn binne alve minsken ferwûne rekke, wêrfan't op syn minst twa persoanen swier ferwûne. De plysje sprekt fan fiif oanridingen. De plysje, brânwacht en ambulânse binne allegear teplak op de sneldyk.

Oarsaak fan alle ûngelokken wie de tichte mist. De A32 waard foar in grut diel ôfsletten. Ek de N354 by Reduzum nei de A32 ta is ôfsletten.

Trefwurden: 
A32 file mist
(advertinsje)
(advertinsje)