Jouster heart tongersdei straf yn saak fermoarde ynwenner Heech

28 feb 2019 - 11:02

De Jouster dy't derfan fertocht wurdt dat er yn 2018 Hans Boschma fan Heech om it libben brocht hat, heart tongersdei oft er 16 jier de sel yn moat. Dy straf waard by de behanneling fan de saak begjin dizze moanne troch it Iepenbier Ministearje easke.

Foto: CAMJO media

De fertochte is njoggen kear heard troch de plysje. De earste seis kear ûntkende hy dat hy yn Heech west hat, mar letter joech er ta dat hy dochs wat mei de dea fan Boschma te krijen hie. Neffens de offisier fan justysje wiist alles derop dat hy wol yn Heech west hat.

Trefwurden: 
moard Heech Jouster
(advertinsje)
(advertinsje)