FrieslandCampina hat min jier: winst sakket foar twadde jier op rige

28 feb 2019 - 10:30

De winst fan FrieslandCampina is foar it twadde jier op rige flink sakke nei 203 miljoen euro. Twa jier lyn wie dat noch 362 miljoen. De suvelkoöperaasje skriuwt it weromrinnen fan de winst yn 2018 foaral ta oan legere ferkeapprizen foar basisprodukten as molke, tsiis en molkepoeier.

Ek ekstra ynvestearringen yn Azië drukke it resultaat nei ûnderen, tegearre mei kosten foar werstrukturearring. De molkepriis foar de boeren sakke nei goed 37 sint de liter. En dat is sa'n trije sinten leger as yn 2017.

Neffens de baas fan FrieslandCampina, Hein Schumacher, wie 2018 in oergongsjier wêryn't it bedriuw de nedige oanpassingen dien hat, wêrtroch't se better ynspylje kinne op de winsken fan klanten. It wie in rûzich jier, sei Schumacher. Mar, sa seit er, de wei omheech is yn de twadde helte fan it jier wer ynslein.

Mear kwark en minder molke

De twadde helte fan it jier wie dúdlik better as de earste helte. Foar dit jier rekkenet Schumacher derop dat de ferbettering trochset. Hy giet derfan út dat de winst dit jier heger wêze sil. De produksje sil ek groeie. Friesland Campina wol foaral ynsette op produkten dêr't klanten om freegje. Kwark is bygelyks in hiele grutte groeier, wylst der dúdlik minder molke dronken wurdt by it moarnsbrochje. Ek binne der ferskate bedriuwen oernaam dy't soargje moatte foar in grutter ferskaat oan kwaliteitsprodukten.

Tsiis

Tsiis is in tige wichtich produkt. De helte fan alle molke fan de leden wurdt ferwurke yn tsiis. Hjir is flink yn ynvestearre yn 2018, ûnder oaren troch oernames fan faak lytse bedriuwen. Dêrtroch is de produksje no mear rjochte op merken en op heechweardige produkten dêr't klanten om freegje. De koöperaasje ferwachtet dat hjir yn 2019 de fruchten fan plukt wurde kinne.

Duorsume produkten Planet Proof

FrieslandCampina set hieltyd mear yn op duorsumens en bistewolwêzen. Boeren krije in pear sinten mear as se harren molke duorsum en bistefreonlik produsearje. Dizze molke stiet yn de supermerken ûnder it finjet Planet Proof. Hieltyd mear boeren produsearje duorsume enerzjy op har bedriuwen ûnder oaren troch sinnepanielen op de dakken fan de stâlen. De koöperaasje brûkt yn Europa allinnich noch mar griene stroom. Dêrfan is goed ien fjirde by de eigen leden ynkocht. De totale CO2-útstjit sakke yn gearwurking mei de boeren mei sa'n 5 persint.

Poppemolke yn Hong Kong en Sina

FrieslandCampina is de earste leveransier fan poppemolke yn Hong Kong en de fjirde yn Sina. Dat komt net fansels. De merk krimpt en om de posysje fêst te hâlden is in soad jild stutsen yn ferbettering fan de produksje en yn marketing. In grut part fan de produkten wurdt bygelyks online ferkocht. Earder waard al bekend dat der flink ôfskreaun is op in dielname yn it bedriuw Huishan.

Slutingen yn Dútslân

Yn Dútslân is bot yngrypt. Ferskate lokaasjes binne sletten en it tal produkten dat op de merk brocht wurdt, is flink ferlege. Dat hat yn mei-inoar sawat 50 miljoen euro koste, mar dat wie nedich, seit Schumacher, om de posysje foar de takomst feilich te stellen.

Boeren stappe oer nei konkurrint

It tal leden fan de koöperaasje is yn 2018 flink ôfnaam troch de oerstap nei oare bedriuwen lykas A-Ware en omdat boeren ophâlden binne. Sawat trijehûndert boeren seinen it lidmaatskip op en gongen nei in konkurrint. Se binne ûntefreden oer de resultaten fan FrieslandCampina en fine ek dat de koöperaasje him te folle bemuoit mei harren bedriuwsfiering. Schumacher is net bliid mei de oerstap fan boeren nei de konkurrinsje. "We dogge der alles oan om derfoar te soargjen dat dit net bart." Hy praat ek mei de leden om oerstappen foar te kommen en út te lizzen dat it belied bedoeld is om de takomst fan de boeren en koöperaasje feilich te stellen.

Frans Keurentjes fan FrieslandCampina

(advertinsje)