Coach Tony Van den Bosch net fierder by Aris om 'persoanlike redenen'

Aris-coach Tony Van den Bosch giet nei dit seizoen net fierder by de Ljouwerter basketbalklup. De Belgyske trainer hâldt neffens in parseberjocht fan Aris nei dit seizoen op om persoanlike redenen.
© Dijksfotografie
Tony Van den Bosch is dwaande oan syn tredde seizoen by Aris. Yn 2008 naam er it healwei it seizoen oer en ferline seizoen kaam er werom by Aris. Van den Bosch waard mei syn ploech ferline jier útskeakele yn de kwartfinale en stiet dit seizoen healwei sânde.

Nij bestjoer

Aris makket sneon bekend hoe't it nije bestjoer derút komt te sjen. It is al wis dat Gert Schurer, Paul de Jong en Johan Meijer ophâlde.
Patrick Frimpong en Sierd Dijkman nimme de taken oer en Sieta Epema bliuwt sekretaris. Sneon makket Aris bekend wa't de technyske saken dwaan sil.