UPDATE: Files op A32 losse stadichoan wer op

28 feb 2019 - 13:01

De file op de A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert lost stadichoan wer op. De dyk wie tongersdeitemoarn lange tiid ôfsletten, nei ferskate ûngelokken yn de tichte mist. Yntusken is de dyk tusken de ôfslach-Snits en Ljouwert wer iepen. Tusken It Hearrenfean en Grou is de dyk noch wol ôfsletten. Dat duorret oant 13.30 oere.

It kin wol even duorje foar't al it ferkear fan de A32 ôf is, seit Rykswettersteat. Ferskate auto's hawwe maleur.

Twa swier ferwûnen

By Wurdum botsten meardere auto's opinoar. Yn de file dy't dêrtroch ûntstie, wiene letter noch twa botsingen. Yn totaal wiene der neffens Rykswettersteat fiif ûngelokken tusken It Hearrenfean en Ljouwert. Dêrby rekken op syn minst twa minsken swier ferwûne.

De hiele dyk rjochting Ljouwert en alle ôfslagen wiene ticht. By It Hearrenfean waard it ferkear nei Ljouwert omlaat oer Drachten. It ferkear dat efter de earste twa ûngelokken stie, beide by Wurdum, rydt wer. It ferkear efter it tredde ûngelok wurdt weromlaat.

Ek de N354 by Reduzum nei de A32 ta wie ôfsletten.

Foto: Rykswettersteat
Trefwurden: 
A32 file mist
(advertinsje)
(advertinsje)