Kollum: "Tragyk"

28 feb 2019 - 09:02

"De Nederlânske Stephanie Dijkman, opgroeid yn Monnickendam, is de inisjatyfnimmer fan in oerdekte skybaan yn it Frânske Tignes. Tignes leit yn it súdeasten fan Frankryk, yn 'e Alpen. Der is in gletsjer, en dat is, neffens de Volkskrant, ien fan de pear plakken yn Europa dêr't je ek yn 'e simmer skye kinne. Mar - en jo riede it al - de temperatuerstiging goait roet yn it iten: elk jier falt de snie letter yn it seizoen, en elk jier wurdt de gletsjer twa meter koarter. Oer in jier as tsien of tweintich, wurdt it wol hiel dreech om ek yn 'e simmer in garânsje op snie te hawwen, neffens de pistemaster. Foar it toerisme, en dus foar it doarp, soe dat in ramp wêze.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Stephanie, dy't healwei har libben nei Tignes emigrearre is, hat dêr it toerismeburo. En se is ek gemeenteriedslid foar in lokale partij. Har plan: oer de lingte fan sa'n 400 meter in baan yn in skyhal fan 50 meter breed tsjin de berch oan. Dit foarkomt de ûndergong fan it skyoard. In oare Nederlanner, arsjitekt Ruurd de Jong, hat it winnende ûntwerp makke foar de skyhal. Yn 'e krante seit hy: fan út it eachpunt fan klimaatferoaring 'heeft het project een zekere tragiek'.

'Een zekere tragiek', dat is wol it understatement fan it jier. Der sille kuolsystemen komme moatte mei it fermogen dêr't je ek in lytse provinsjestêd mei draaiende hâlde kinne, en der wurdt yn it stik neat sein oer sinnepanielen of oare duorsume enerzjyopwekking. En as je dan ek noch witte hoefolle stroom as kuoljen wol net kostet, dan meie we der wol even fan út gean dat dit projekt net hielendal klimaatneutraal is. Dus ja, dat hat in sekere tragyk.

Ik ha myn eigen foto's fan in jier lyn der ris by pakt. Dêr sjoch ik dat ik op 2 maart, dat is oaremoarn in jier lyn, oan it reedriden bin op 'e Keizersgracht. Op 3 maart wie ik op 'e iisbaan fan Wytmarsum. Dat is ûndertusken in bytsje raar wurden yn dizze tiid fan it jier, mar ek wer net sa gek. Yn 1985 wie der in Alvestêdetocht op 21 febrewaris, en in jier letter op 26 febrewaris. Wat al in in bytsje gek is, is dat it fan 'e wike rekôrwaarm wie. Sûnder jas bûten sitte yn dizze tiid fan it jier, it is hearlik, mar feitlik ek dea-eng.

Klimaattragyk, dat is airco-units keapje dêr't in slurf as útlit oan sit, dy't troch yn in doar nei bûten lein wurdt, dy't dus iepenstean moat en waarmte binnen lit. Klimaattragyk is auto's keapje dy't by de mylde, standert mjitrit hast gjin CO2-útsjit hawwe, en dus in geunstige fabryksopjefte - mar dan hawwe dy auto's wol safolle fermogen dat as je se net standert beride, se tsien oant fjirtich kear safolle útstjitte.

Klimaattragyk, dat is it hotel fan de buorlju, dat yngreven renovearre en hielendal up-to-date makke is, mar dêr't in nije heechfermogen enerzjykabel nei ta oanlein wurde moast om de klimaatynstallaasje oan 'e gong te hâlden. Klimaattragyk is alle dagen fleis ite, en dat de Albert Heijn docht as oft it normaal is dat dat fleis út Súd-Amearika komt. Klimaattragyk is dat boeren troch minsken oansprutsen wurde op de CO2-útstjit by harren produksje, dy't op harren beurt 'ja mar sy dan'-wize nei de loftfeartorganisaasjes, dy't wize nei de fraach nei harren produkt troch de minsken. Klimaattragyk dat is in terrasferwaarmer yn jannewaris. Klimaattragyk is in skyresort yn Dubai, boud mei oaljejild. It bestiet allegearre.

Sil ik it dan mar sizze? Sil ik de offisjele inisjatyfnimmer wurde? De Nederlânske Botte Jellema, opgroeid yn Loaiïngea, is de inisjatyfnimmer fan in oerdekte Alvestêderûte yn Fryslân. Want der hat no al 22 jier gjin Alvestêdetocht west, en as it takom jier ek wer net slagget, dan is dat de langste perioade yn it bestean fan de tocht dat er net riden is. De leden fan de feriening stjerre ynkoarten by boskjes, want âld, en dêrom sil it no heve.

200 kilometer lang, 50 meter breed. Om it kâld te krijen yn 'e hal moat alle stroom fan alle Nederlânske enerzjysintrales brûkt wurde, dus de rest fan Nederlân sit in dei as trije sûnder. Bjusterbaarlik, en mei moai waar. En och ja, fan út it eachpunt fan klimaatferoaring 'heeft het project een zekere tragiek'."

(Advertinsje)
(Advertinsje)