Mist soarget foar ûngelokken en files op de Fryske diken

28 feb 2019 - 08:24

Ungelokken troch de mist soargje op meardere plakken yn de provinsje foar opûnthâld foar it ferkear. Under oare op de A7 by De Tynje en by Drachten en op de A32 by Wurdum steane files.

Foto: Omrop Fryslân, Tiete Sijens

By Wurdum botsten meardere auto's opinoar. Yn de file dy't dêrtroch ûntstie, wiene letter opnij botsingen. De A32 by Wurdum rochting Ljouwert is ôfsletten. By It Hearrenfean wurdt it ferkear nei Ljouwert omlaat oer Drachten.

Wat der op de oare plakken krekt gebeurd is, is noch net dúdlik. Rykswettersteat advisearret om alternative rûtes te nimmen en foarsichtich te riden.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Auto yn 'e sleat

Op it Tichelwurk by Dronryp is tongersdeitemoarn betiid in frou út dat plak mei har auto yn it wetter rekke. Troch it minne sicht hiene de helptsjinsten muoite om de eksakte lokaasje fan it ûngelok te finen. In foarbygonger dy't de hûn útliet, koe de brânwacht úteinlik it goede plak oanwize. De brânwacht hat de frou út har auto befrijd. It is net bekend hoe't har tastân is. In berger kaam om de auto út it wetter te heljen.

Trefwurden: 
ûngelok file mist
(Advertinsje)
(Advertinsje)