Bewenners De Súdlannen fiele har mislieden troch gemeente Ljouwert

28 feb 2019 - 08:02

De gemeenteried fan Ljouwert moat de nijbouplannen foar it buorskip Unia nochris goed tsjin it ljocht hâlde, Der kin net samar mei ynstimd wurde. Dat boadskip hiene alle ynsprekkers yn de gemeenteried woansdeitejûn. Dêr stie it gemeentlike plan foar it buorskip Unia op de aginda. It giet om de bou fan 200 nije wenten yn de grutste nijbouwyk fan Fryslân. Omwenners ha allinnich grutte muoite mei de bouplannen.

Foto: Google Streetview

Bewenners fan De Súdlannen fine dat se mislieden binne by de oankeap fan har nijboukavel. Der wie har yn it ferline in frij útsicht tasein, mar dêr wurdt no sûnder oerlis fan ôfsjoen. Dat jildt ek foar de bewenners fan de wenarken yn de wyk. Sy ha de ark fan de gemeente kocht mei de garânsje op 'frij útsicht'. Ek yn de wyk De Klamp dy't no boud wurdt is wjerstân. De bewenners fan fiif kavels krije in soarte fan pleats deun njonken har wennings. Ek har is in oar byld foarspegele by de oankeap fan de kavel.

Yn de wyk De Súdlannen moatte 5600 wenten boud wurde. Om de wyk in wat doarps karakter te jaan, is keazen foar it bouwen yn buorskippen. Der binne no twa klear: Techum en Jabikswâld. Yn Wiarda en De Klamp wurdt op it stuit boud. Unia is it folgjende buorskip dêr't wenten komme, folge troch Middelsee en De Hem.

Wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert

Gjin beloftes dwaan

Wethâlder Hein de Haan begrypt de frustraasje fan de bewenners. Hy baalt dat se allegear in oar byld foarset krigen ha as de werklikheid no oan it wurden is. "Professionals, of dat nou de gemeente is of makelaars, moeten niet meer zeggen dat er niet meer gebouwd gaat worden. Terwijl we hier nu juist de grootste nieuwbouwwijk van de stad bouwen. Dat moeten we niet meer hebben."

De Haan sei ta dat hy sjen wol oft it mooglik is om foar de wenarkbewenners it útsicht frijer te hâlden. Dochs hâldt hy fêst oan de plannen foar de wyk. "We hebben de woningen gewoon nodig. Unia wordt al kleiner dan we wilden"

MegaHome en de kurator

Yn it oarspronklike plan gie de gemeente út fan de bou fan 350 oant goed 400 wenten. In part fan de grûn fan dat plan is yn hannen fan de kurator fan it fallite MegaHome. De kurator fynt it mar nuver dat der net mear mei him praat wurdt, as it ferlet sa heech is en de omwenners safolle beswieren ha. Dêr is neffens wethâlder De Haan in goede reden foar.

"We hebben vier jaar lang met MegaHome gesproken. De plannen die ze maakten waren onacceptabel. Daarna gebeurde er niets tot het bedrijf failliet ging. We hebben toen contact gezocht met de curator maar dat was een hels karwei. Toen we wel contact hadden werd er niet of nauwelijks gereageerd." Dochs hie dat neffens De Haan neat útmakke foar it plan. "Dan hadden we de andere woningen op dat gebied gebouwd."

Ferfolch takom wike

It wykpanel De Súdlannen fynt dat de gemeente Ljouwert oan in soad saken tinkt, mar de omwenners ferjit. Foarsitter Sint Smeding hat dan ek net in soad betrouwen yn in goede ôfrin. "It is in kommersjeel plan en de gemeente Ljouwert is in ûntwikkelpartner. De gemeente hat in maatskiplike plicht ek te lústerjen nei de arguminten fan de omwenners. De basis fan it plan mei dan grif juridysk foldwaan oan alle easken, mar it foldocht perfoarst net oan de ferwachting dy't troch de gemeente sels sketst is."

Op woansdei 6 maart praat de gemeenteried fierder oer de bouplannen foar it buorskip Unia.

Sint Smeding, foarsitter fan wykpanel De Súdlannen

(Advertinsje)
(Advertinsje)