Noorderbreedte wol 'thúsgefoel' weromjaan oan deminte âlderen yn nije wenfoarm

28 feb 2019 - 07:21

Soarch sa ynrjochtsje sa as minsken eartiids thús wennen. Dat is de opset fan in nije wenfoarm dy't soarchgroep Noorderbreedte bouwe wol yn de Ljouwerter wyk De Súdlannen. Yn it buorskip Jabikswâld moat in wenkompleks komme dat der útsjocht as in rige huzen. Noorderbreedte wol sa soargje foar in 'thúsgefoel'.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Regiomanager Micha Klaas fan Noorderbreedte leit de plannen út

De nijbou komt op in braaklizzend stik grûn yn de grutte Ljouwerter nijbouwyk. Al tsien jier lang stiet dêrop yntekene dat der in soarchfoarsjenning komt. Soarchgroep Noorderbreedte wol it no brûke foar de nijbou fan Nieuw Mellens. De hjoeddeiske lokaasje, njonken it MCL yn Ljouwert, is net mear fan dizze tiid.

Yn de âlde lokaasje is romte foar 96 bewenners. Neffens regiomanager Micha Klaas komme der ek safolle plakken yn de nijbou, allinnich mei in oare opset. "Op de oude locatie zijn alleen tweepersoonskamers en heeft niemand een eigen badkamer. Op de nieuwe locatie wel. Daar slapen mensen in een eigen woon-/slaapstudio."

Der is bewust keazen foar in húslike opset. Klaas: "Dat zijn mensen van huis uit gewend. Omdat ze die gewenning hebben, kun je betere zorg leveren."

Selde styl as de rest fan de wyk

De buert sil kwealik wat fernimme fan de soarchlokaasje, tinkt Klaas. De wenten wurde yn deselde styl boud as de rest fan de wyk. Ek kriget elk 'hûs' in eigen foardoar. "Wij denken dat voor deze groep mensen, de mensen met dementie, dit soort woningen belangrijker gaat worden. We zien dat het aantal mensen met dementie stijgt en dan moet je ook kijken naar hoe je zorg anders inricht", seit Klaas.

As de plannen definityf binne en de boufergunningen ôfjûn, wol Klaas yn petear mei it wykpanel en omwenners. Hy wol de buert graach belûke by wat der efter de muorren bart. "Samenwerken op diverse fronten zou mooi zijn. Bijvoorbeeld ook dat buurtbewoners hier vrijwilligerswerk doen. Dan ga je helemaal op de buurt."

(advertinsje)
(advertinsje)