Oppasse op 'e dyk fanwege swiere mist yn it Noarden

28 feb 2019 - 06:45

It ferkear yn it Noarden moat tongersdeitemoarn rekken hâlde mei tichte mist. Dêrby kin it sicht yn Fryslân en Grinslân tusken de 50 en 100 meter wêze. De measte mist wurdt yn de moarnsspits ferwachte. Rykswettersteat hat koade giel ôfjûn foar it Noarden en Noard-Hollân.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De mist kin noch wol efkes oanhâlde, seit waarman Piet Paulusma. Pas letter op de moarn wurdt it sicht stadichoan better.

Neffens Weeronline.nl wie it sicht oant no ta it minst yn Ljouwert. Om 6.10 oere koe dêr mar 50 meter fier sjoen wurde.

Trefwurden: 
koade giel ferkear dize mist
(Advertinsje)
(Advertinsje)