Provinsje wol lobby foar Lelyline yn Den Haag en Brussel

27 feb 2019 - 23:21

De provinsje moat der alles oan dwaan om de komst fan de Lelyline mooglik te meitsjen. Dat is de spoarline dy't fan Dútslân út fia Grins oer Drachten en It Hearrenfean trochlutsen wurdt nei Emmeloard en Lelystêd. In mearderheid yn Provinsjale Steaten wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten in lobby fiere sil rjochting Den Haag en Europa.

Foto: http://www.lelylijn.eu

Steatelid Durk Pool fan de VVD

Ek de provinsje Flevolân en de gemeenten Urk, Lelystêd en Noardeastpolder wolle dizze Lelyline realisearre ha. Neffens steatelid Durk Pool fan de VVD is de berikberens fan Fryslân no hiel kwetsber mei mar ien spoarferbining fia Zwolle. Boppedat is Drachten it grutste plak yn ús lân sûnder spoar.

Sûnt de jierren 80 binne der al plannen foar de spoarline. Dy soe doe earst de Suderseeline neamd wurde, mar it plan waard nea realisearre en Fryslân krige in bedrach ta kompensaasje. "De Suderseeline rêst in flok op, dus we hawwe 'm opdoopt ta Lelyline. In soad minsken binne no wol entûsjast. Dat is moai", seit Pool. In mearderheid yn de Steaten stipet it foarstel en wol it ûndersocht hawwe.

Leefberder Noarden

Mar wêrom soe it plan no wol wurkje? "We binne no tolve jier fierder. De kaart leit der hiel oars hinne. Der binne ûntwikkelings by Almere, by Lelystêd Airport en Drachten. De A7 en A6 rinne fol, it is te drok op dy dyk. As wy soargje kinne dat 10 oant 15 persint fan it ferkear fan de dyk ôfgiet en mei it spoar giet, dan tink ik dat wy in leefberder Noarden krije. Der binne allinnich mar winners."

Foto: VVD

Dy lobby soe neffens Pool yn gearwurking mei oare noardlike provinsjes barre moatte. "Noch net elkenien is ryp, mar de steaten yn Flevolân hawwe al sein dat se dit ek ûndersykje wolle. Ik sil sjen dat we Grinslân ek noch op dy line krije. As alle provinsjes de skouders der ûnder sette, moat der dochs wat mooglik wêze. It soe spitich wêze as alles fan de Rânestêd aanst fia knooppunt Arnhem/Nijmegen gean moat en it Noarden der wer krekt bûten leit."

Brussel

Pool wol ek lobbye yn Brussel. Dêr hat er noch gjin konkreet plan foar. "Wy moasten earst sjen dat we hjir in mearderheid krigen. Stapke foar stapke krijt dit ferhaal gong. It moat in trein wêze dy't op gong komt en net mear te remjen is."

(advertinsje)
(advertinsje)