FIDEO: IepenUP oer it 'flomke'

'Flomke' wurdt it Fryske wurd foar it froulik geslachtsdiel. Mear as 8.000 manlju en froulju brochten hjirfoar har stim út op de webside fan Omrop Fryslân. Se koene dêrby kieze út in 'shortlist' fan de fiif meast ynstjoerde wurden: slúfke, skelpke, pompebledsje en flomke. Dat lêste wurd wie mei leafst 41 persint fan de stimmen dus by de measte Friezen favoryt. Krekt foar it wurd 'slúfke' dat 38.2 persint fan de stimmen krige.
Besnijding Iepen Up
IepenUP Live, dat de priisfraach yn gearwurking mei Omrop Fryslân opset hie, stie woansdeitejûn folslein yn it teken fan de fagina. Neffens seksuologe en psychologe Ellen Laan wurdt it froulike geslachtsdiel en it seksueel genot noch hieltyd dominearre troch de manlike sekse. Froulju moatte dêrom just sels it inisjatyf nimme. Troch bygelyks no einlings har eigen lichem te ûntdekken en benammen te akseptearjen.
Ellen Laan neamde it absurd dat ek hjoed-de-dei noch hieltyd in soad froulju gjin idee ha hoe har eigen fagina derút sjocht. De seksuologe toande har boppedat in grut tsjinstanner fan kosmetyske yngrepen lykas de skamlippekorreksje. Neffens har is dy yngreep net allinnich in lichaamlike skeining, mar boppe-al in slimme beheining fan de seksuele genotsbelibbing.

Besnijenis

Istahil Abdulahi kin dêr oer meiprate. By dizze frou waard as jong famke yn Somalië de klitoris neffens de besteande tradysjes fuorthelle. Istahil fertelde it benammen froulike publyk hoe dit har libben net allinnich lichaamlik, mar ek geastlik fernield hie.
Lokkich hie de frou yn Fryslân troch nije freonen har krêft wer werom fûn. "En ik kan zelfs weer genieten van seks. Dat had ik eerder niet voor mogelijk gehouden", sa fertroude sy in dúdlik emosjoneel publyk ta.

Nije wike

Nije wike komt nimmen minder as de âld-Ljouwerter Christiaan Triebert nei IepenUP Live. Hy is de Sherlock fan it ynternet, reizget de hiele wrâld oer en lost ynternasjonale politike fraachstikken op. Sa wie hy ûnder oare belutsen by sjoernalistike ûndersiken nei MH17 en de fergiftiging fan de Russyske spion Sergej Skripal yn Ingelân.
Hy is lid fan de kearngroep fan Bellingcat. In online sjoernalistekollektyf dat oer de hiele ierde aktyf is. Minsken dy't mei Triebert yn petear wolle, ha dêr nije wike by IepenUP Live noch in mooglikheid ta. Dêrnei reizget Triebert fierder nei New York, dêr't hy in kontrakt tekene hat by de New York Times.
IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd fan Neushoorn út yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20:00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebooksiden fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.