Gat yn de Fryske taal opfolle: 'flomke' is it nije wurd foar fagina

27 feb 2019 - 21:45

Lang is der oer neitocht: it nije Fryske wurd foar de 'vagina', mar de útslach is lang om let bekend! Fan ôfrûne tiisdei ôf koe der stimd wurde op fiif potinsjele wurden foar it froulik geslachtsdiel. En dat waard folop dien. Hast 8.000 kear waard der stimd. De winner is... FLOMKE!

Gat yn de Fryske taal opfolle: 'flomke' is it nije wurd foar vagina

De kânshawwers wiene:

  • Flomke
  • Paradyske
  • Skelpke
  • Slúfke
  • Pompebledsje

It bêste Fryske wurd waard bekend makke op de grutte 'Vaginavond' fan IepenUP Live yn Neushoorn yn Ljouwert. Yn totaal is der hast 8.000 kear stimd. It spande der lang om tusken 'flomke' en 'slúfke'. Mar úteinlik gie 41 persint fan de stimmen nei 'flomke'.

Op it twadde plak einige 'slúfke', mei krekt wat mear as 38 persint fan de stimmen. Op it tredde plak kaam 'pompebledsje' mei hast alve persint. 'Skelpke' en 'paradyske' wiene it minst favoryt. Dêr stimde mar sa'n fiif persint fan de minsken foar.

De Fryske taal is dus in wurd riker! Silsto it wurd ek brûke?

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)