Petysje foar lanlik meldpunt foar deade húsdieren al 13.000 kear tekene

27 feb 2019 - 21:09

Der moat in lanlik meldpunt komme foar deade húsdieren. Op dy wize moat it ienfâldiger wurde om der achter te kommen wat der mei dyn fermiste bistje bard is. In online petysje, dy't pleitet foar sa'n meldpunt, is yn de ôfrûne dagen al goed 13.000 kear tekene. By 40.000 hantekenings sil de Partij voor de Dieren de petysje yntsjinje yn de Twadde Keamer.

Foto: Omrop Fryslân

Hilbert van der Dam fan de diere-ambulânse yn Snits sjocht it meldpunt wol sitten. "Ik tink dat dat yn it generaal in goed idee is. Sa komme der noch mear mooglikheden foar eigeners om harren bistje werom te finen."

By de biste-ambulânse yn Snits hawwe se in hiel protokol foar bygelyks deade katten: "Wy nimme se mei yn de ambulânse. Dan meitsje wy se skjin, en sette wy se op Facebook. Sa fine wy in soad eigeners werom."

Hilbert van der Dam fan de diere-ambulânse

Astrid de Vries fan Zwerfdierenopvang De Nomadenhof yn Snits tinkt dat it meldpunt minsken wol helpe kin: "Ik tink dat der in soad matches útkomme kinne. Minsken kinne sa harren bistje werom fine. Ik fyn it in hiel goed idee."

Wol hat De Vries noch in oar punt dêr't se oandacht foar freegje wol: "It chippen fan dyn húsdier kin in soad gedoch foarkomme. Troch in chip yn it bistje te pleatsen, kinne wy altyd sjen fan wa't er is en wêr't er weikomt."

Astrid de Vries fan Zwerfdierenopvang De Nomandenhof

(Advertinsje)
(Advertinsje)