Oranjefroulju ferlieze mei 2-0 fan Spanje by rekôrynterlân Spitse

27 feb 2019 - 21:02

De Nederlânske fuotbalfroulju hawwe de earste wedstriid fan de Algarve Cup net winne kind. Yn it Portugeeske Parchal wie Spanje te sterk foar de Oranjeliuwinnen. It waard 2-0.

Foto: ANP

De ploech fan bûnscoach Sarina Wiegman slagge der net yn om te skoaren tsjin de Spaanske froulju. Jennifer Hermoso skoarde twa kear foar Spanje.

Middenfjilder Sherida Spitse spile mei dizze wedstriid har 157ste ynterlân foar Oranje en mei harsels dêrmei rekôrynternasjonal neame. Friezinne Loes Geurts stie yn 'e basis. Sisca Folkertsma bleau njoggentich minuten op de bank.

De Oranjefroulju sille moandei wer yn aksje komme. Dan spylje se, yn tarissing op it WK fan oankommende simmer yn Frankryk, tsjin Poalen.

(advertinsje)