Shorttracker Sjinkie Knegt mei nei hûs: "Ik stie fan myn foarholle ôf oant myn teannen yn 'e brân"

27 feb 2019 - 20:11

Nei't er sân wiken in it sikehûs lein hat mei slimme brânwûnen, mei shorttracker Sjinkie Knegt nei hûs ta. Yn petear mei de NOS die hy foar it earst syn emosjonele ferhaal. "Ik stie fan myn foarholle ôf oant myn teannen yn 'e brân."

Syn kenmerkjende burd is der noch, mar dat Knegt in flinke knau hân hat, is oerdúdlik. Op syn foarholle en syn wangen, by syn lippen en yn syn nekke binne de gefolgen fan it ûngelok noch dúdlik te sjen. Reade flekken fan brânwûnen dy't de kommende wiken en moannen fierder genêze moatte sille.

"It giet wol goed", fertelt Knegt, wylst er yn ien fan de behannelkeamers fan it brânwûnesintrum Grins yn it Martini Sikehûs sit. Dêr hat hy de ôfrûne perioade wurke oan syn werstel. "De wûnen genêze prima. Alles rint neffens ferwachting."

It ûngelok

Werom nei de bewuste tongersdeitemoarn 10 jannewaris, thús yn it Fryske Bantegea. Knegt wie al betiid wekker, boppe leine syn freondin en syn bern noch te sliepen. Om wat waarmte te kreëarjen moarns betiid stuts hy yn de wenkeamer de houtkachel oan.

Om it fjoer wat ekstra oan te blazen, helle Knegt in flesse mei brânbere floeistof út de garaazje. Doe't hy it doarke fan de kachel iepene, gie it mis.

Der foel baarnend hout út de kachel en dat kaam op de flesse brânbere floeistof telâne, mei in eksploazje ta gefolch. "De floeistof kaam op my en baarnde troch myn lichem", fertelt Knegt, dy't op dat stuit allinnich in ûnderbroek en in trui oan hie.

Hast de folsleine foarkant fan syn lichem stie yn 'e brân. Fan syn foarholle oant syn teannen. "En myn hannen ek, omdat ik it fjoer útsloech. En myn burd wie fuortbaarnd, mar dat wie ek myn rêding. Dêrûnder hie ik gjin brânwûnen."

Foto: Martin de Jong

Syn freondin wie ûndertusken al wekker wurden en nei ûnder kaam. "Doe stiene eins allinnich noch it ûnderste diel fan myn skonken yn 'e brân. Neffens my binne we frij rêstich bleaun. De bern leine noch op bêd, dat skeelde."

Neidat it fjoer dwêste wie, sprong Knegt ûnder de brûs. Ek belle hy it alarmnûmer. Nei tsien minuten wie de ambulânse der en yn trije kertier wie hy op it plak dêr't hy úteinlik sân wike bliuwe soe: it brânwûnesintrum Grins.

By syn refalidaasje hie Knegt hast gjin pine. "Dat klinkt gek, mar it is echt sa." De brânwûnen wiene wol sa slim dat Knegt in hûdtransplantaasje ûndergean moast oan beide skonken.

Tige emosjoneel

Wylst de winner fan olympysk sulver yn syn sikehûsbêd lei, waard yn Dordrecht de EK shorttrack hâlden. It toernoai waard oerskade troch it ûngelok fan Knegt en stie yn it teken fan stipebetsjûgings oan syn adres. Fia in livestream seach Knegt út syn sikehûsbed wei mei. "Ik koe net bewege, mar nei it reedriden sjen, gie prima."

Wannear't Knegt frege wurdt nei syn moaiste stipebetsjûging, brekt er. "Dat Suzanne (Schulting, red.) de earste kear goud wint, fûn ik wol hiel moai", seit er wylst de triennen oar syn wangen rinne. De konstatearring dat hy de sport mist, beäntwurdet er gûlend.

Brutsen is er net. De ferwûningen belette him net om werom te kearen nei de sport. Hy hat sels alwer efkes traind. Op spesjale apparaten koe er fytse en roeie. No't syn werstel wer de goede kant opgiet, is de grutte fraach fansels oft de mearfâldich wrâldkampioen weromkomme kin op it nivo fan foar it ûngelok.

Weromkomme

It is noch te betiid om dêr antwurd op jaan te kinnen. Mar Knegt giet hoe dan ek foar in sa fluch mooglike weromkomst op de iisbaan. "Yn prinsipe moat it kinne. It hat allinnich tiid nedich."

Neffens de dokters soe Knegt oer in wike as seis (mei spesjale klean oan) wer alles dwaan kinne moatte. "Dêrnei moat ik it rêstich opbouwe. Wannear't ik wer echt reedride kin, wit ik net", fertelt hy.

Dochs doart de 29-jierrige Fries in foarsichtige foarspelling te dwaan. "Ik hoopje oankommend seizoen wer reedride te kinnen. Hoe goed ik dan bin, is ôfwachtsje. Ik tink dat it realistysk is. Elkenien seit dat it kin, dus wêrom net?"

(advertinsje)
(advertinsje)