LIVE: hokker wurd komt út de doaze yn IepenUP?

Wêrom is der gjin 'gewoane' namme foar de fagina? En wêrom litte hieltyd mear froulju in skamlipkorreksje dwaan? Akseptearje wy de fagina net genôch? Yn IepenUP 'De grutte vaginavond' wurdt de fagina fierd.
Te gast binne ûnder oaren Prof.dr. Ellen T.M. Laan, haad ôfdieling seksuology yn it AMC yn Amsterdam. Marijke Rolf komt del om te fertellen oer har striid tsjin frouljubesnijenis. De muzyk komt fan it keunstnerskollektyf O Kutjes en fotografe Laura Dodsworth fertelt oer har boek, wêryn't se 100 fagina's portrettearre.
Stimme op it nije Fryske wurd foar fagina kinne noch oant de ein fan de show: dan wurdt de útkomst bekendmakke.
Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.