Andries Hogenhuis wint it Biltsk diktee mei twa flaters
It Biltsk Diktee yn MFC 't Beerdhuus yn Sint-Jabik waard tiisdeitejûn goed besocht. Der diene goed tritich minsken mei. Mar der koe mar ien de winner wêze. En dat wie Andries Hogenhuis fan Sint-Jabik. Hy hie mar twa flaters makke yn syn diktee.
Hogenhuis krige in wikselbeker, in tegeltsje mei in Biltske siswize, in paraplu mei it logo fan Stichting Bildts Aigene en in boskje blommen.