Last minutetoerist nei Fryslân

30 jun 2012 - 12:44

De Fryske rekreaasje-ûndernimmers moatte it no en yn de takomst ha fan de last minuteboeking. Dat seit Albert Hendriks fan toerismeburo Friesland Holland. Mei de moaie waarsferwachting en de start fan de simmerfakânsje yn it suden streame sneon de boekings binnen, mar yn it foar wiene der net folle reservearrings.

Undernimmers moatte harren dêrom rjochtsje op de lette besluters ûnder de toeristen, seit Hendriks. Neffens him dogge lúkse arranzjeminten it better as de budzjetoanbiedings en is der mear animo foar fyts- as foar boatfakânsjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)