Nije húsdokterspost yn Ljouwert lost akute probleem fan wachtlist op

27 feb 2019 - 17:26

Der is in grut tekoart oan húsdokters yn 'e gemeente Ljouwert. Sa binne der enoarme wachtlisten. Om dêr wat oan te dwaan komt der yn Ljouwert in nije húsdokterspraktyk by.

It sûnenssintrum komt oan it Cambuurplein. Dêr sil earst ien dokter oan it wurk en de praktyk giet uterlik 1 maaie iepen. De nije húsdokterspost is fan sûnensorganisaasje MedTzorg, in lanlike sûnensorganisaasje yn Utrecht.

Ferline jier stiene noch 500 minsken op de wachtlist. Om't húsdokters yn Ljouwert besleaten om mear kliïnten op te nimmen, is dat oantal weromgien nei 60. Mei de nije post op it Cambuurplein moatte ek dizze lêste 60 in plakje krije.

Probleem oplost

"Iedereen kan zich inschrijven voor deze nieuwe praktijk, voor nu is het probleem opgelost", leit Paul Offringa fan De Friesland út. "Maar in de toekomst gaan huisartsen met pensioen, dus nieuwe huisartsen blijven nodig. We gaan actief zoeken met de provincie en andere gemeenten en de huisartsenvereniging om meer dokters naar Friesland krijgen."

"Huisartsen zijn nu vaak vrouwen, en dat is uiteraard geen probleem, maar ze moeten wel een partner hebben die mee wil verhuizen en die hier ook een bestaan moet kunnen opbouwen. Daar moeten we ook naar kijken."

Oft MedTzorg mear fêstigingen yn Fryslân opsette wol, wit er net. "Als De Friesland zijn we verantwoordelijk voor de zorg, maar we kunnen geen huisartsen uit de hoge hoed toveren."

Yn it jier binne tsien nije húsdokters yn Fryslân nedich. Yn in praktyk kinne 2.100 pasjinten terjochte.

Paul Offringa fan De Friesland

(advertinsje)
(advertinsje)