Feanster rydt santich kilometer te hurd en moat ferplicht op kursus

27 feb 2019 - 17:21

In 46-jierrige man fan It Hearrenfean moat in jildboete betelje fan 450 euro en ferplicht op kursus by it CBR, om't hy op 10 jannewaris ferline jier mei hege snelheden yn syn BMW troch syn wenplak ried. Dat hat de kantonrjochter woansdei bepaald.

Snel ride - Foto: Shutterstock.com

De plysje seach dat de man somtiden wol 120 kilometer yn de oere ried, op plakken dêr't mar 50 tastien is. De man hie tefolle dronken. Dêrfoar krige hy earder al in boete fan 650 euro.

De man sei dat hy der gjin erch yn hie, dat de plysje efter him oansiet, mar dat leaude de rjochter net. It wie op dat stuit tsjuster en de plysje hie de blauwe swaailjochten oan. De man wie earder al feroardiele foar ride ûnder ynfloed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)