Provinsje seit bydrage werynrjochting WTC-terrein ta

27 feb 2019 - 16:16

Der komt hast fiif miljoen beskikber foar de werynrjochting fan it WTC-gebiet yn Ljouwert; it plak dêr't skielk it nije Cambuurstadion komt. Mar foardat de provinsje dy miljoenen echt betellet, moatte de projektûntwikkelders, de gemeente en de fuotbalklup sels noch wol oan in oantal strange betingsten foldwaan.

Foto: Omrop Fryslân

Dat hat in mearderheid yn Provinsjale Steaten woansdei bepaald. De measte partijen binne wol posityf, mar der binne ek noch in soad soargen en fraachtekens. Ien fan dy soargen is it oantal winkels dat der bykomt yn Ljouwert. Soargje dy nije winkels net foar te folle konkurrinsje foar de binnenstêd en foar winkelplein De Centrale?

De Steaten wolle de garânsje dat der foar alle nije winkels by it WTC, winkels op oare plakken ferdwine. Op dit stuit binne dêr noch gjin heldere getallen oer beskikber.

Dochs woene Provinsjale Steaten de beslissing oer de werynrjochting fan it WTC-gebiet net útstelle. Woansdei is de lêste steategearkomste foar de ferkiezingen, fan 20 maart. In meaderheid fan de politisy wol mei it each op de kiezersgeunst, no net it plan foar it nije Cambuurstadion tsjinhâlde, sa seit polityk ferslachjouwer Andries Bakker. "As je der nei freegje wurdt it ûntkend, mar it spilet echt wol in rol."

Johan Tjalsma fan it CDA neamt it dossier 'in yngewikkeld puzelstik'. "De soarch fan de detailhannel oer leechstân diele we. Mar ast foarút wolst yn dizze provinsje, silst soms sokke keuzes meitsje moatte. Der sil noch wol wat wetter troch de rivier moatte, mar úteinlik wurdt it in moai ferhaal."

Johan Tjalsma fan it CDA

(advertinsje)