Sherida Spitse wurdt rekôrinternational: "Ze is de generaal in het veld"

Woansdeitejûn 27 febrewaris 2019, 18.15 oere. As de fuotbal foar it earst rôlet yn it súd-Portugeeske Parchal, mei Sherida Spitse har rekôrynternasjonal neame fan it Nederlânsk frouljusfuotbalteam. De Snitser middenfjilder spilet har 157ste ynterlân foar Oranje. Wat makket har sa bysûnder? We lizze it foar oan in oantal minsken dat tichtby har stiet...
Repo âlden oer Sherida

Hans en Ineke Spitse binne de âlden fan Sherida:

"Fuotbal stiet op nûmer ien by har, dat hat altyd al sa west. It is har libben. Al fanôf dat se jong wie. Se hat altyd by de jonges fuotballe. Se die noait ûnder foar de jongens. Se wie sels oanfierster yn de B1."
"Se fuotballet al sa lang by it Nederlânsk alvetal. Yn it begjin fine je it prachtich en binne je grutsk, mar op in bepaald momint fine je it gewoan. Mar dat is it net. It is hartstikke moai dat se dat hellet. It is wol hiel bysûnder. It is wol it grutte Oranje, hé? Net eltsenien stiet dêryn. Wol moai dat je bern dêryn spilet."
Op 16-jierrige leeftiid debutearret Sherida Spitse yn augustus 2006 foar it Nederlânsk alvetal. It sil de earste wedstriid wêze yn in gigantyske rige. It hichtepunt yn Oranje belibbe Spitse yn de simmer fan 2017. Doe waarden de Oranjefroulju foar it earst yn de skiednis Europeesk kampioen. As oanfierster mocht de Snitser middenfjilder de beker omheech tille.
De wedstriid fan woansdeitejûn tsjin Spanje is ien om de Algarve Cup. Dat is in toernoai yn de tarieding op it wrâldkampioenskip fan oankommende simmer. Sadree't it duel mei de Spanjerts om kertier oer seizen úteinset mei Spitse har allinne rekôrynternasjonal neame. Dy titel dielt se no noch mei Annemieke Kiesel-Griffioen, dy't ek 156 ynterlâns spile.
Friezinnen Sherida Spitse (8) en Loes Geurts (23) by Oranje © Orange Pictures

Loes Geurts fan Hichtum is keepster by de Nederlânske fuotbalfroulju:

"We spelen samen sinds 2006, toen Sherida bij het Nederlands elftal kwam. Toen ze voor het eerst binnenkwam, was ze heel druk. Nu is ze een stuk volwassener en rustiger geworden. Tegelijkertijd is ze wel heel eerlijk en direct. Ze zegt wat ze op haar hart heeft. Als er iets speelt in de groep wat gevoelig ligt, dan durft Sherida dat te benoemen. Dat kan soms heel direct zijn en bot overkomen, maar ze windt er geen doekjes om. Dat is wel fijn."
"Ik heb een goede band met haar. We komen niet bij mekaar op visite, maar we gaan heel goed met mekaar om. We komen beide uit Friesland en dat geeft een binding. Soms maken we grapjes in het Stadsfries en dat begrijpt dan niemand aan tafel, behalve Sisca (Folkertsma, fan Sleat, red.). We jennen elkaar ook wel eens. Sherida komt natuurlijk uit Sneek en ik uit Hichtum, vlakbij Bolsward. En Sneek en Bolsward is water en vuur."
Bûnscoach Sarina Wiegman oer Sherida Spitse

Sarina Wiegman is bûnscoach fan de Nederlânske fuotbalfroulju:

"Sherida zet echt de norm binnen ons team. Ze is de generaal in het veld, ze regelt het en zet het neer. Ik vind het heel mooi dat ze in de afgelopen twee jaar de volgende stap heeft gezet in haar ontwikkeling. Ze is beter en fitter geworden. Dat is super mooi."
"Ik denk dat ze nog steeds beter kan en daar is ze naar op zoek. Dat tekent haar wel. Ze is super gedreven. Het is ongelooflijk bijzonder wat ze nu bereikt. Dat zal ze haar hele leven in positieve zin blijven achtervolgen. Het is wel een prestatie hoor."