Lippe Lap ferstoarn

Yn it sikehûs fan Drachten is sneon de Fryske ûndernimmer Lippe Lap ferstoarn. Fjirtich jier lyn begûn de Oerterper ûndernimmer Lap op de Noardkade yn Drachten syn earste winkel yn flierbedekking. Yntusken binne der acht saken yn wenningstoffearing, allegearre yn Fryslân.
Lippe Lap hearde yn 1983 mei noch in pear oare ûndernimmers by de groep minsken dy't SC Hearrenfean fan de finansjele ûndergong rêde. Lap wie troud en hie trije bern. Hy wie al in skoft siik. Lippe Lap is 70 jier wurden.