Opnij opromaksje fan kontenerguod op sânplaten yn Waadsee

Rykswettersteat organisearret opnij in skjinmakaksje op Rottumereach, Rottumerplaat en Suderdúntsjes. Op de eilantsjes yn de Waadsee leit in soad rotsoai ôfkomstich út de konteners fan it skip MSC Zoe. Fanwege de start fan it briedseizoen wurdt dat ôffal kommende wike fuorthelle.
© Omrop Fryslân
Der is al earder skjinmakke op de eilantsjes. Doe waarden der ûnder oare komprossoaren, ferpakkingsmateriaal en boartersguod fûn. De eilantsjes binne net tagonklik foar publyk. Se binne fan grut belang foar bisten as seehûnen en trekfûgels.