Frou (86) rydt mei 45-kilometerauto de sneldyk op en krijt boete

27 feb 2019 - 15:13

In 86-jierrige ynwenster fan Beetstersweach hat fan de rjochter in boete fan 350 euro oplein krige. De frou bedarre ein 2017 mei har 45-kilometerautootsje op de Wâldwei. Omdat de TomTom har dy kant opstjoerde, ferklearre se woansdei tsjin de rjochter.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It wie de earste kear dat de frou in TomTom brûkte en se ried ek foar it earst yn it 45-kilometerautootsje. Se moast de rjochter woansdei tasizze dat se net wer samar op in rûteplanner fertrouwe soe. Dêrneist hat har soan de rûteplanner sa ynsteld dat se net mear mei har auto de sneldyk op stjoerd wurdt.

De frou hat de boete fan 350 euro ûnder betingst oplein krigen, omdat se in leech ynkommen hat.

(advertinsje)