It Fryske Gea klear mei werplantsjen beammen yn Rysterbosk

It Fryske Gea is klear mei it ferfangen fan âlde beammen oan de Enkhuizerlaan yn de Rysterbosk. Omdat hieltyd mear fan de 100 oant 150 jier âlde beammen troch har hege leeftiid deagiene, moasten der nije plante wurde.
© It Fryske Gea
It plantsjen is yn trije fazen útfierd, by de lêste faze binne nochris 125 beammen delset. It giet om simmer-iken en bûken. Beide soarten passe neffens It Fryske Gea goed op de sânige ûndergrûn fan de Rysterbosk. Ek de Enkhuizerlaan sels is opknapt, mei sân út de buert.