Fotografen socht yn Gaasterlân
Keunstkring Gaasterlân is fan doel om yn 2013 in keunstrûte út te setten troch Gaasterlân foar automobilisten en fytsers. In sjuery kiest tweintich foto's út dy't op grutte panielen fan 2 by 3 meter op moaie plakjes komme te stean. De foto-aksje krijt as titel 'Knipoog naar Gaasterland'.
Profesjonele en amateurfotografen meie meidwaan en kinne de foto's op de hiemside fan de Kunstkring uploade. Doel is om fotografen in platfoarm te jaan en om wat moais foar toeristen te organisearjen. De fotografen binne frij yn it kiezen fan in ûnderwerp.