Jan Waterlander is ferkeazen ta bêste steatelid fan Fryslân

Steatelid Jan Waterlander fan 50Plus is troch syn kollega-steateleden keazen ta bêste steatelid yn de perioade fan 2015 oant 2019. Dat docht bliken út in ferkiezing dy't tradisjoneel organisearre wurdt troch it Friesch Dagblad. Fan de 43 steateleden ha 23 de enkête ynfolle.
© Omrop Fryslân
De priis komt foar Waterlander op in momint dat er hast út Provinsjale Steaten ferdwynt. Hy hie graach noch in perioade trochgien, mar waard by de listlûkersferkiezing fan syn partij passearre. De mearderheid fan de leden hat keazen foar Theun Wiersma. Waterlander hat earder riedslid yn de gemeente Littenseradiel west, earst foar de PvdA en letter ôfsplitst as Djip Read.
It Friesch Dagblad hie noch trije kategoryen. Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren waard keazen ta Meast Ynhâldlik Steatelid, Leo Pieter Stoel fan de VVD as 'Beste Redenaar' en Sietze Schukking fan de List Schukking krige de Oanmoedigingspriis. Schukking makke him ferline jier los fan de D66-fraksje.